Voice Challenge Nederlânsk – Frysk

Spraak is in nije manier om te kommunisearjen mei technology. Mar in protte stimassistinten begripe it Nederlânsk en Frysk net goed. Troch dyn stim yn te sprekken, en de sinnen fan oaren te beoardielen, helpsto mei in Nederlânsktalige en Frysktalige iepenboarne spraakdatabase te bouwen.

Mozilla Common Voice organisearret tusken 15 en 22 jannewaris 2021 in Voice Challenge tusken it Nederlânsk en Frysk. De taal dy’t yn ien wike de measte audio-minuten ynsprutsen en falidearre hat, wint. #CVChallenge

Ook jij kunt de Nederlandse taal en Mozilla Common Voice steunen. Dat doe je door de komende week minimaal een kwartiertje per dag Nederlandse zinnen in te spreken op de Common Voice-website.

Gean no nei de Common Voice-website om te begjinnen

De Voice Challenge

Elkenien kin meidwaan

Elkenien dy’t Nederlânsk of Frysk sprekt kin meidwaan mei de challenge. Dat dochsto troch op de Frysktalige Common Voice, sinnen yn te sprekken en opnamen fan oaren te falidearjen.

It opnimmen wurket gewoanwei yn de browser, fia de ynboude mikrofoan fan dyn kompjûter of mobile apparaat. Asto leaver Nederlânsk ynsprekst kin dat fia de Nederlânstalige ferzje fan Common Voice.

Nederlânsk-Frysk

Doel is om yn ien wike sa folle mooglik audio yn te sprekken en te falidearjen.

Alle yndividuele bydragen yn it Nederlânsk of Frysk wurde by inoar opteld. Do kinst de skoare fia it live dashboerd folgje.

De taal dy’t tusken 15 en 22 jannewaris de measte audiominuten sammele en kontrolearre hat hat wûn. Dyjinge dy’t yn de wike it meast ynsprekt en falidearret, wint.

Dyn stim is wichtich

Spraak is in frij nije, mar al protte brûkte manier om te kommunisearjen mei technology. Mar in protte stimassistinten begripe Nederlânsk en Frysk net goed. Troch op de Common Voice-website sinnen yn te sprekken en sinnen fan oaren te falidearjen, learsto oan in kompjûter hoe’t in gewoane Fries of Nederlanner praat. Op dy manier helpsto mei in Fryske en Nederlânske iepenboarne spraakdatabase te bouwen. In iepen, ynklusive technology is wichtich foar Nederlânske ûndersikers en bedriuwen dy’t wurkje mei spraaktechnology.

Anonimiteit en privacy

Dielnimme kin anonym, sûnder oan te melden. Pas wanneartsto dyn skoare byhâlde wolst, moatsto in profyl oanmeitsje om resultaten te bewarjen. Dyn skoare ferskynt dan ek op it online skoareboerd.

Ek asto in profyl oanmakkest bliuwt dyn privacy garandearre. Alle ynformaasje hjiroer stiet op de Common Voice Privacy Policy.

Programma 15-22 jannewaris

Freed 15 jannewaris, iepening

De Challenge start freed 15 jannewaris oer mei in lêzing fan Nanda Piersma, HvA lector Responsible IT en Common Voice Fellow Josh Meyer.

Freed 22 jannewaris, ôfsluting

De Challenge slút ôf op 22 jannewaris om 15.00 oer mei in foarumdiskusje oer minderheidstalen mei Dr. Esther Klabbers, Dr. Jelske Dijkstra fan Rijksuniversiteit Groningen / Campus Fryslân en Daan van Esch Internationalization for Language Technology, Google.

Moderators

> Dr. Matt Coler – Director of Voice Technology MSc. & Associate Professor of Language & Tech at University of Groningen / Campus Fryslân

> Tan Phat Do – Doctoral Researcher at University of Groningen / Campus Fryslân

Live Stream

Live scores

Wylst de challenge wurdt de skoare live byhâlden op it skoareboerd.

Frijwillige registraasje

Dielnimmers kinne harren frijwillich registrearje fia it registraasjeformulier fan de RUG. Dit is net ferplichte, of nedich om mei te dwaan.

Media

Mozilla Blog An 8-day Dutch and Frisian Common Voice Contribute-a-thon

Wêrom wat dwaan foar Mozilla Common Voice?

In protte spraaktechnologyen werkenne Nederlânsk en Frysk net. Troch dyn stim yn te sprekken en de sinnen fan oaren te falidearjen, helpsto mei in Nederlânsktalige en Frysktalige iepenboarne spraakdatabase te bouwen.

Spraaktechnology is de takomst

Spraak is in frij nije manier om te kommunisearjen mei kompjûters. Stimassistinten lykas Siri, Alexa en Google Assistant hawwe in revolúshe feroarsake yn de manier wêrop minsken kommunisearje mei technology. Spraaktechnology wurdt hieltyd faker ynboud yn deistige gebrûksfoarwerpen, fan navigaasje-apps en tûke lûdsprekkers oant snoadfoans en befeiligingssystemen.

Ferstiet gjin Nederlânsk of Frysk

Untwikkelers kinne Common Voice brûke om bias yn nije produkten en tsjinsten foar te kommen.

Spitigernôch wurket de technology efter de bekende stimassistinten net foar elkenien like goed. De meastentiids jonge, manlike, Ingelsktalige ûntwikkelers hâlde by it meitsjen fan stimassistinten gjin rekkening mei aksint, gender, leeftiid of memmetaal. Dêrtroch wurde froulju, âlderen, minsken mei in regionaal aksint, én sprekkers fan lytse talen net goed begrepen troch stimassistinten.

Fergees en frij beskikber

Mozilla fynt dat dat proprietêre software en sluten gegevens ynnovaasje tsjinhâldt en stelt spraakgegevens fergees en foar elkenien beskikber.

Stimassistinten en de audiogegevens binne eigendom fan grutte Amerikaankse techbedriuwen; de technology is net fergees te brûken. Untwikkelers, ûndersikers en start-ups dy’t wurkje oan spraaktechnology yn lytse talen lykas it Nederlânsk en Frysk hawwe minder of gjin tagong ta de technology: de kâns op ynnovaasje bliuwt sa foar Nederlânske bedriuwen foar in part net brûkt.

Hogeschool van Amsterdam
Mozilla

Gearwurking Mozilla, HvA en RuG

It is wichtich om sa folle mooglik ferskate talen en stimmen troch Common Voice wekenne te litten. Dêrom wurket Mozilla yn Nederlân tegearre mei de Hogeschool van Amsterdam en Rijksuniversiteit Groningen Campus Fryslân om de oanwêzigens fan de Nederlânske en Fryske taal yn de Common Voice-database te ferbetterjen.

Studinten fan dizze twa Nederlânske ûnderwiisynstellingen ûndersykje spraaktechnology yn de nije MsC Voice Technology (RuG) en betinke en meitsje ynnovative tapassingen foar spraak yn de Minor Conversational Interface (HvA).

Mozilla en Common Voice

Mozilla is in non-profitorganisatie dy’t minsken foar winst stelt. Mozilla wol it ynternet foar elkenien iepen en tagonklik hâlde. Sjoch de Mozilla website foar mear ynfo.

Common Voice is in inisjatyf fan Mozilla om masinen te helpen leare hoe’t echte minsken sprekke. It wurdt mei stipe troch de Provinsje Fryslân.

Mozilla Festival, fan 8 maart 2021 ôf yn Amsterdam

It Mozilla Festival, ek wol MozFest neamd, wurdt organisearre troch de Mozilla Foundation. It festival makket gebrûk fan kollektive krêft en gearwurking om op kreative wize de onlinewrâld opnij foarm te jaan..